Hegere easken oan hegeskoallen

Hegeskoallen en universiteiten moatte fan takom jier ôf oan folle hegere kwaliteitseasken foldwaan. Sa moat in dosint minimaal 12 oeren yn de wike foar de klasse stean en moat it tal útfallers yn it earste jier bot sakje. Dat stiet yn de nije prestaasjeôfspraken dy't it heger ûnderwiis makke hat mei it ministearje.
Ek foar de Ljouwerter Hegeskoallen Stenden en NHL betsjut it dat se op in oare wize wurkje moatte. Sa sille se by Stenden it tal lesoeren omheech bringe. Ek komme der 'intake-petearen' oan it begjin fan de stúdzje.
Troch yn it foar mei de oankommende studinten goed troch te praten wat der fan har ferwachte wurdt en wat se ferwachtsje kinne, moat it tal útfallers bot werom brocht wurde.