Tydskrift Zakenspiegel oernaam

24 sep 2012 - 15:09
  • Zakenspiegel

It tydskrift De Zakenspiegel is oernommen troch it publisiteitsburo Mentis Media yn Tsjerkgaast. De Zakenspiegel voor Friesland, sa't it blêd offisjeel hyt, wurdt sûnt 1987 útjûn. De nije eigners, Albert van Keimpema en syn frou Corien, wolle de Zakenspiegel ûnderdiel meitsje fan it Fries Journaal dat ien kear yn de twa moanne útkomt. De ynhâld fan de Zakenspiegel moat wat puntiger wurde, sa litte de nije eigners witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)