Skoalbern snoeie Elzesingels

24 sep 2012 - 12:47

Sa'n fjirtich skoalklassen út Noard-Fryslân binne dizze wiken yn de Wâlden oan it wurk om de ferneamde Elzesingels te snoeien. De snoeierij is ûnderdiel fan it projekt 'Takomst foar in Unyk Lânskip'. It giet om basisskoallebern út de groepen 7 en 8. It idee is om de bern op in leechdrompelige wize yn 'e kunde komme te litten mei natuerbehear. Moandei wie de skoalle fan Broeksterwâld op 'en paad om de Elzesingels by it doarp te snoeien.

Trefwurden: 
Broeksterwâld Elzesingels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)