Izertried oer fytspaad spand

24 sep 2012 - 12:20

Undernimmer Jaap Twijnstra fan Frjentsjer hat in beleanning fan 3000 euro oer foar it oppakken fan in groepke jonges dy't sneontejûn izertried oer it fytspaad spand hiene. It izertried oan de Hertog van Saxenlaan hong op nekkehichte en soan Danny Twijnstra ried op de scooter fol tsjin de tried oan. Troch in wynskerm foarop de scooter kin Danny it neifertelle. Hy seach it groepke jonges stean en nei alle gedachten binne dat de dieders.

Danny Twijnstra docht moandei oanjefte, mar hy hopet ek dat de beleanning liedt ta de gouden tip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)