Fernielings monumint Sonnegea

Fandalen hawwe it ôfrûne wykein opnij saken fernield by it oarlochsmonumint yn Sonnegea. No gie it om in buordsje dat pleatslik belang by it monumint pleatst hie, mei dêrop it fersyk om net oan it monumint te kommen. It buordsje waard stikken slein en der leine bierfleskes en glês by. Begjin septimber waard it pleksyglês fan it monumint fernield. Dêrfoar wie der al in tal kearen graffity op spuite.
It monumint is der yn 2009 kaam ta de neitins fan sân bemanningsleden fan in Ingelske bommenwerper dy't yn desimber '43 by Sonnegea delstoarte.