Nij pr Mariska Kramer

Hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten hat snein by de Dam tot Dam Loop fan Amsterdam nei Zaandam in nij persoanlik rekôr rûn. Mei in tiid fan 56 minuten en 48 sekonden kaam Kramer as tolfde oer de streek. De winst gong nei de Keniaanse Sylvia Kibet, dy't krekt wat mear as 51 minuten noadich hie foar de 10 Ingelske mijlen.
Mariska Kramer brûkt de ynternasjonale wedstriid op de dyk as tarieding op de heale maraton fan Columbus yn Ohio. Dy is op 21 oktober.