Jenning Huizenga twad yn Sina

Jenning Huizenga
Jenning Huizenga is yn de Ronde fan Sina twadde wurden yn it algemien klassemint. De âld-ynwenner fan Frjentsjer moast nei seis etappes 27 sekonden tajaan op de Dútske winner Stefan Schumacher. Huizenga begûn in wike lyn mei in fjirde plak yn de prolooch. Yn de tiidrit fan sneon waard er twadde. Beide kearen gong de winst nei Schumacher. Yn de oare etappes ferlear Huizenga, fytsend foar it Rabobank Kontinintale Team, gjin tiid mear.