Lykspul by Fryske kuorbalderby

23 sep 2012 - 16:47

De Fryske kuorbalderby tusken LDODK en Mid-Fryslân is snein einige yn in 17-17 lykspul. Yn de earste helte wie it de thúsploech fan trainer Jan Sjoerd Pool dy't in lytse foarsprong naam. Beide ploegen gongen de klaaihokken yn mei in 9-7 tuskenstân op it skoareboerd. Nei it skoft kaam Mid-Fryslân knap werom. Nei in spannende einfaze moasten beide ploegen de punten diele.

It lykspul betsjut it earste kompetysjepunt foar LDODK, dat nei 3 wedstriden noch altyd puntleas ûnderoan stie yn de haadklasse A. Mid-Fryslân bliuwt mei 5 punten út 4 wedstriden op it tredde plak stean. Koprinner DVO út Bennekom giet mei fjouwer kear winst op rige oan kop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)