1-0 ferlies Snits Wyt Swart

Topklasser Snits Wyt Swart hat snein op eigen fjild mei 1-0 ferlern fan EVV. De Snitsers krigen betiid yn de wedstriid de bêste kâns op de 1-0. Cees Smaal brocht Khalid Yachou yn skoaringsposysje, mar syn skot waard knap keard. In rappe counter soarge der foar dat de gasten út Limboarch nei 13 minuten spyljen op foarsprong kamen.
Yn de twadde helte ûntsnapte de thúsploech oan in twadde treffer. Mei noch 3 minuten op 'e klok wie ynfaller Freerk de Jong tichtby de lykmakker, mar syn kopbal waard fan de line helle.
Nei de winst yn it earste kompetysjeduel en it lykspul foarige wike is dit de fyfde ferliespartij foar de ploech fan trainer Johan Groote.