Dútser swier mishannele

23 sep 2012 - 14:19
  • Geweld

Sneintemoarn omtrint 6 oere is in 21-jierrige Dútser út Schwanewede swier mishannele op de Voorstreek yn Ljouwert. Dat wie by in fjochtpartij dêr't meardere minsken by belutsen wiene. De Dútser waard troch in ûnbekende man tsjin de grûn slein en ferskate kearen tsjin de holle skopt. Dêrnei naaide de dieder út.

De alarmearre plysje socht de omjouwing ôf en sette in Burgernetaksje op, mar de man waard net mear oantroffen. It giet om in blanke man fan sawat 1.85 meter mei ljocht stikeltsjehier. De plysje siket tsjûgen.

It slachtoffer waard op it plak sels troch ambulânsepersoniel ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)