'Fryslân moat by Klimaatbûn'

Duorsume enerzjy
De provinsje Fryslân moat sa gau mooglik lid wurde fan it Klimaatverbond. Dat fynt de steatefraksje fan GrienLinks. It Klimaatverbond is in netwurk fan legerer oerheden op it mêd fan enerzjy en duorsumens. GrienLinks hat ûntdutsen dat Fryslân de iennichste provinsje is dy't noch net lid is fan it bûn. Dat fernuveret de steatefraksje, omdat de provinsje himsels graach delset as ien dy't enerzjy en duorsum heech yn it findel hat.
GrienLinks hat der fragen oer steld oan it kolleezje fan deputearre steaten.