Rumoerige nacht yn Ljouwert

Yn Ljouwert ha sneontenacht ûngeregeldheden west mei in soad agresje tsjin de plysje. Der wiene ferskate fjochtpartijen, ûnder oare op it Ruterskertier yn de stêd. De plysje hat acht minsken oanhâlden. Under har wiene guon dy't seine dat se yn Haren west hiene en no hjir yn Ljouwert fierder gean woene.
De plysje krige assistinsje fan kollega's út de rest fan de provinsje en fan de maresjesee. Der binne ek hûnen ynset. Neffens de plysje wie der sprake fan in grimmitige, broeierige sfear en fielden plysjeminsken har echt oanfallen.
De minsken dy't oppakt binne, binne fiif Ljouwerters fan 17, 18, 19, 20 en 21 jier, in 22-jierrige man út Koarnjum, in 23-jierrige Bitgumer en in 40 jierrige man út Nieuwegein. De plysje slút mear oanhâldings net út.