Duorsumensbeurs lûkt soad folk

© Omrop Fryslân
De duorsumensbeurs yn De Lawei yn Drachten hat sneon sa'n 2500 minsken lutsen. De beurs wie organisearre troch de gemeente Smellingerlân en de Rabobank.
65 bedriuwen en organisaasjes lieten sjen wat sy te bieden hiene op it mêd fan duorsumheid. Dan gie it ûnder oare ek om biologyske produkten. Fierder wiene der ferskate sprekkers dy't it bygelyks hiene oer duorsum ûndernimme en it duorsum ferwurkjen fan ôffal. It wie de earste kear dat de gemeente de beurs organisearre.