500 minsken op Freonedei Omrop

22 sep 2012 - 17:55

It Freonefestival fan Omrop Fryslân hat sneon 500 besikers lutsen. De dei wie bedoeld foar minsken dy't lid binne fan de Freonen fan Omrop Fryslân. Se koene de studio's besjen, har eigen Momint foar Hea meitsje, optredens en radioprogramma's bywenje en meiwurkers fan de Omrop treffe. Oan de middei waard ek meiwurke troch bekende Omropgesichten en -stimmen lykas waarman Piet Paulusma en kok Reitse Spanninga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)