SCO pakt earste oerwinning

22 sep 2012 - 17:37
  • SCO

De kuorballers fan SCO ha sneon de earste oerwinning fan it seizoen pakt troch mei 19-13 te winnen fan Oost Arnhem. De ploech fan trainer Hillebrand Diever begong sterk oan de wedstriid. Benammen ferdigenjend hie de thúsploech it prima op oarder. By rêst stie der in foarsprong fan 11-8 op it boerd.

Yn de twadde helte soarge ynfaller Jordy Heuker mei syn treffer foar it gat fan 4 punten. Dêrnei wie it in kwestje fan útspyljen foar de kuorballers út Aldeholtpea. Benammen de Tsjech Roman Veznik spile in wichtige rol mei goed ôffangwurk.

Nije wike snein giet SCO op besite yn Wageningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)