500 besikers iepen dei Flyers

© Nicolien Sijtsema
De iepen dei fan iishockeyklup Friesland Flyers hat sneon sa'n 500 besikers nei iisstadion Thialf lutsen. Publyk koe in demonstraasjetraining bywenje en mocht oanslutend op de foto mei de seleksjespilers. Ek wie der folop ferdivedaasje foar bern, sa as it puck sjitten wêrby't de snelheid fan it skot metten waard.
Bern koenen har ynskriuwe foar de 'schaatsklas' om yn 'e kunde te kommen mei iishockey. "Der binne hiel wat ynskriuwingen binnenkaam", fertelt Janet Veenstra. De iepen dei wurdt ôfsletten mei in oefenpartij tsjin Frankfürt Löwen.
De Friesland Flyers spylje harren earste kompetysjewedstriid op 5 oktober thús tsjin Tilburch.