Vitens hellet stroom út wetter

22 sep 2012 - 16:00

De ferwachtingen binne grut by Vitens. It wetterliedingbedriuw kin fan takom jier ôf by Spannenburch stroom helje út it wetter. Dat kin omdat yn dat wetter metaan sit. Troch nije techniken kin Vitens it gas út it wetter opfange. It bedriuw tinkt dat jierliks wol 1500 húshâldens stroom krije kinne fan de winlokaasje.

Yn it ferline liet Vitens it metaangas de loft ynfleane, mar dat wie skealik foar it miljeu. It gas dat no opheind wurdt, stiet gelyk oan it broeikaseffekt dat 900 kij jierliks produsearje.

Op dit stuit makket Vitens de lokaasje yn Spannenburch klear foar de gaswinning dy't septimber takom jier úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)