Ynbrekker rint sliepkeamer yn

Ynbraak © ANP XTRA
In ynwenster fan de Vijverbrug yn Ljouwert waard freedtenacht wekker makke troch in ynbrekker dy't har sliepkeamer ynrûn. De man kaam mei in bûslampe har sliepkeamer yn, mar naaide fuort wer út doe't er de bewenners seach. De 'heer des huizes' gie de ynbrekker achternei, mar dy naaide út - nei alle gedachten op in brommer.
Op de Bird yn Ljouwert waard ek ynbrutsen. Dêr waard it hiele hûs oeral helle en in televyzje meinaam.