Buorljudei yn Gerkeskleaster

22 sep 2012 - 11:49
  • Gemeente Achtkarspelen

Goed 150 minsken út Achtkarspelen diene sneon mei oan it Buorljudei-brochje yn Gerkeskleaster. Alle jierren wurdt yn septimber de Nasjonale Buorljudei organissearre yn ús lân. Doel is dat ynwenners fan in doarp yn kontakt komme mei-inoar. De gemeente Achtkarspelen pakt dizze dei in stik grutter oan en noeget alle ynwenners fan de gemeente út om mei-inoar yn petear te gean.

Alle jierren is dat yn in oar plak en dit jier wie dat dus yn Gerkeskleaster. De gemeente seit dat der noch net earder safolle minsken op it evenemint ôfkaam binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)