Saranti klear foar de takomst

22 sep 2012 - 10:55

It ienige bernesirkus fan Fryslân, Saranti út Ljouwert, pakt de bestjoersstruktuer fan de feriening oan. De feriening hopet sa klear te wêzen foar de takomst. It sirkus bestiet takom jier 55 jier en der binne grutte plannen foar de takomst. Sa wol it sirkus yn 2018 in grut ynternasjonaal sirkusfestival yn Ljouwert organisearje.

Op dit stuit binne fiif man ferantwurdlik foar de organisaasje achter Saranti. Mar dat kin eins net mear, sa fynt sirkusdirekteur Hans van der Wal. De feriening is yn de lêste jierren bot groeid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)