Wurk oan As begjint by Garyp

© Omrop Fryslân
Ein septimber wurdt der in begjin makke mei de oanlis fan de Sintrale As. It giet dan om de rûnwei om Garyp. Mei in spesjale sânsûger wurdt fanút de Wide Ie mei in parslieding sân nei it depot brocht. Sa wurdt transport oer de dyk safolle mooglik beheind.
En ek al mislearje de ûnteigeningsprosedueres foar de Sintrale As, dochs ferwachtet de provinsje dat de dûbelbaans autodyk yn 2015 yn gebrûk nommen wurde kin.