Gouweleeuw wegere basisplak

21 sep 2012 - 16:07

Wurkwegering. Dat is de reden wêrom't Jeffrey Gouweleeuw syn basisplak ûnder Van Basten kwytrekke is. Yn de wedstriid fan de Europa League tsjin Molde FK woe Gouweleeuw net op it middenfjild fuotbalje. 'De trainers kozen voor Arnold Kruiswijk achterin. Ik moest op het middenveld voetballen en dat wilde ik niet', sa seit Gouweleeuw. 'Toen moest ik op de bank.'

Ferline wike joech Van Basten noch oan dat hy de foarkar joech oan Ramon Zomer en Arnold Kruiswijk yn it hert fan de ferdigening, omdat sy yn syn eagen mear 'echte verdedigers' binne.

Gouweleeuw begjint tsjin FC Twente nei alle gedachten wer yn de basis. Net op it middenfjild, mar sintraal yn de ferdigening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)