Soad flaters by gehoaradvys

21 sep 2012 - 15:39
  • Foarbyld fan in gehoarapparaat

Minsken dy't problemen ha mei it gehoar moatte der goed op tasjen dat se holpen wurde troch in echte audisien. Se moatte har ek tariede op in besite oan de audisien en de audisien om in sertifikaat freegje yn de behannelkeamer.

Dat seit audisien Bert Douma. Ut ûndersyk fan it Konsumintebûn docht bliken dat yn 20% fan de gefallen in kommersjeel meiwurker de minsken test, behannelet en advisearret. En dan giet it neffens it bûn te faak ferkeard. It gefolg is in soad minne advizen.

Fierder sitte der grutte ferskillen tusken de prizen fan de gehoarapparaten dy't ferkocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)