Van Basten wiziget alvetal

21 sep 2012 - 15:11
  • Marco van Basten

Op basis fan de training liket Marco van Basten syn alvetal tsjin FC Twente op trije plakken te wizigjen. Nei de dramatyske wedstriid tsjin ADO Den Haach (1-3) keare Youssef El Akchaoui, Arnold Kruiswijk en Arsenio Valpoort net wer werom yn de basis.

Van Basten woe freed gjin opstelling priisjaan. Feit is wol dat Jeffrey Gouweleeuw yn de basis begjint. 'Die kans is groot', sa seit Van Basten. De opstelling soe dan sa wurde kinne: Nordfeldt, Raitala, Zomer, Gouweleeuw, Van Anholt, Djuricic, Maracek, Kums, De Ridder, Finnbogason en Tannane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)