De Tille wurdt De Slegte

Boekhannel Selexyz/De Tille yn Ljouwert wurdt in festiging fan De Slegte. Dat hat in wurdfierder fan ynvestearringsbedriuw Procures, dy't earder dit jier it min draaiende Selexyz oernaam, befestige. It is net dúdlik wat der mei it gebou fan De Slegte oan de Nijstêd yn Ljouwert barre sil.
Procures wie al eigener fan De Slegte en kocht yn april achttjin winkels fan Selexyz op. It is noch net bekend wat de gefolgen fan de oername en ferhuzing foar it Ljouwerter personiel fan beide winkels krekt wêze sille.