Nije kas Talant yn Drachten

Deibesteging 'Passiflora Vaste Planten' fan Talant hat freed in nije kas yn Drachten iepene. It giet om in nij gebou en nije borders dêr't eltse dei sa'n 20 oant 30 kliïnten fan Talant wurkje kinne. Yn de kas en op it terrein wurde ûnder oare planten kweekt en ferkocht.
Alles wurdt dien troch kliïnten dy't ûnder begelieding yn de kas, de kantine en by de kassa wurkje. As der genôch jild is wol Talant ek noch in 'belibbingstún' foar pasjinten oanlizze. De kas draait op sinne-enerzjy en ôffalhout. Dat is duorsum en it smyt ek noch jild op.