Stankoerlêst troch deade kat

21 sep 2012 - 13:57
  • Plysje en brânwacht yn de Ljouwerter Jousmastrjitte foar in deade kat

De plysje en de brânwacht hawwe freed ûndersyk dien yn in hûs oan de Jousmastrjitte yn Ljouwert. Der wie melden dat it ferskriklik stonk en dat der allegearre blauwe miggen omfleagen. De eangst wie dat der in lyk lizze soe, ek al omdat der al in skoft neat fan de bewenster fernaam wie.

De brânwacht gong mei parslucht it hûs binnen. De bewenster waard lykwols net oantroffen, mar wol in deade kat. De gemeente is warskôge en sil it hûs skjinmeitsje. De plysje ûndersiket wêr't de frou is en hoe't it kin dat de kat dêr dea efterlitten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)