Value8 wol Haak oernimme

Ynvestearringsmaatskippij Value8 hat belangstelling foar masjinefabryk Haak fan De Gordyk. Dat bedriuw waard earder dizze wie fallyt ferklearre. Value8 wol yn earste ynstânsje de wurknimmers foar it bedriuw behâlde en hopet dat der sa gau mooglik dúdlikheid komt fan de kurator.
De bewâldfierder wol noch net reagearje op it bod dat er binnenkrigen hat. Value8 hopet sa gau mooglik dúdlikheid te krijen, it leafst binnen in wike.