Comenius kuieret foar frede

21 sep 2012 - 11:37

Goed 200 learlingen fan skoallemienskip CSG Comenius yn Ljouwert kuierje freed foar frede. Se dogge mei oan de Walk for Peace. De learlingen geane lâns tsjerken en moskeeën en krije workshops fan organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei frede lykas Amnesty International.

By de start fan it projekt freedtemoarn makken de learlingen in grut fredesteken op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De aktiviteitein wurde organisearre yn it ramt fan de fredeswike. Freed is it de dei fan de frede.

Trefwurden: 
Comenius kuierje peace frede
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)