Dokkumer woarst yn 'e prizen
Woarstemakker Weidenaar fan Dokkum is Nederlânsk kampioen wurden mei syn droege woarst. Weidenaar wie ek titelhâlder fan de priis, dy't ien kear yn de trije jier útrikt wurdt op in fakbeurs yn Utert.
Weidenaar krige ek noch in kwaliteitssertifikaat, dêr't mei oanjûn wurdt dat de produkten fan de slachter ta de bêste fan Nederlân hearre.