Soad drugs yn Boarnsterhim

De problemen mei drugs yn Boarnsterhim binne sa grut, dat der gau in jongerewurker oansteld wurde moat. Ek moat der foarljochting jûn wurde op skoallen yn de doarpen dêr't de problemen it grutst binne. Dat stelle boargemaster en wethâlders foar oan de gemeenteried. Fral yn Grou en Akkrum soe de oerlêst grut wêze.
Boarnsterhim stiet ûnder finansjeel tafersjoch. Dêrom kin de jongerewurker mar ien dei yn de wike ynhierd wurde. Fanwege deselde problemen is earder flink besunige op de oanpak fan drugsoerlêst.
Neffens it kolleezje moat soks no weromdraaid wurde, omdat de problemen oars allinnich mar grutter wurde.