Grou krijt driuwend sylsintrum

Grou krijt in driuwend sylsintrum. It sintrum yn de foarm fan in arke komt te lizzen oan de Blikpôle. It nije sintrum is it inisjatyf fan de stichting Sylsintrum Grou dy't spesjaal foar dit doel oprjochte is.
De stichting is al trije jier dwaande mei de plannen en hat dêrfoar tsientallen petearen hân mei ûnder oare silers en beurtbewenners. Neffens de stichting is der in grut ferlet fan de akkommodaasje. Oant no ta hawwe de dielnimmers oan syltrainings gjin plak om te skûljen of om nei de wc te gean. Sneon giet de earste peal de grûn yn.