22 fragen op twittersprekoere

20 sep 2012 - 22:01

It earste twittersprekoere fan de plysje oer de saak Vaatstra hat tongersdeitejûn 22 fragen opsmiten. Hoewol't dat net in hiel soad is, is de plysje dochs tefreden. Tusken acht en njoggen oere koe elkenien fia Twitter (#zaakvaatstra) fragen stelle oan de plysje.

It sprekoere wie benammen bedoeld foar minsken dy't fragen hiene oer it grutte DNA-ûndersyk dat útfierd wurde sil. Moandeitejûn tusken 8 en 9 oere is der opnij in twittersprekoere oer de saak Vaatstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)