Kypkarre troch de ruten riden

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach is tongersdeitemiddei in kypkarre lossketten fan in trekker en tsjin in hûs yn de Haadstrjitte riden. De oanhinger gie dêrby troch it rút fan it hûs hinne. Der lekte ek oalje op de dyk.
Nei alle gedachten is de koppeling by de trekker ôfbrutsen. Der rekke net ien ferwûne. De kypkarre is nei ûndersyk wer op de dyk setten en wer achter de trekker hongen, wêrnei't it wer fierder koe.