Fragen DNA-ûndersyk Vaatstra

20 sep 2012 - 19:23

Der binne sûnt tiisdei 90 fragen binnenkaam by it callcenter oer it DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak-Vaatstra. 8080 manlju dy't yn 1999 yn de omjouwing fan it plak fan de moard wennen, krigen dizze wike in oprop mei it fersyk om DNA ôf te stean.

Hast alle fragen komme fan manlju dy't wol meiwurkje wolle, mar net kinne. Bygelyks omdat se no oan de oare kant fan it lân wenje of yn in fersoargingshûs sitte en net nei it ynsammelpunt komme kinne. Foar al dizze manlju sil in oplossing socht wurde om dochs meiwurkje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)