Soarch by VNO-NCW oer Hallum

20 sep 2012 - 17:02

As der neat dien wurdt oan it bedriuweterrein yn Hallum, dan sille der mear as 800 banen ferlern gean yn it doarp. Dat is de warskôging fan ûndernimmersferiening VNO-NCW. Neffens de ûndernimmers sitte de bedriuwen op it terrein oan de Doniaweg folslein op slot. Se kinne net útwreidzje en sille úteinlik útwike moatte nei in oar plak.

De ûndernimmers wolle in rûnwei en de ferpleatsing fan santjin wenten dy't no noch te ticht op it yndustryterein stean.

De gemeente wol lykwols net fierder gean as it isolearjen fan dy wenten en mooglik in ekstra ûntslutingswei. De gemeenteried praat nije wike oer it bedriuweterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)