Krityk Esonstêd op wetterfront

20 sep 2012 - 16:47

Net elkenien is wiis mei de plannen fan de gemeente Dongeradiel om foar mear as 40 miljoen euro de farwegen yn de gemeente oan te passen. Fakânsjepark Esonstêd hat problemen mei de ideeën. Se fiele harren bûtenspul set, benammen om't de farwei fan de Súd Ie by Iezumasyl net trochlutsen wurdt nei Esonstêd.

Parkmanager Sjoerd Jousma fernuveret him deroer dat net ynvestearre wurdt yn de ferbining mei Esonstêd, mar wol yn de ferbining mei it doarpke Ie. De gemeente Dongeradiel wol 20 miljoen fan it Waadfûns foar it plan.

Oare partijen lykas de provinsje en de NAM betelje de oare helte fan it jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)