SP net bliid mei kado jagers

20 sep 2012 - 14:26

De steatefraksje fan de SP is net bliid mei in kado fan de Koninklijke Nederlandse Jagers Vereniging. Dy hat tiisdei in pakketsje mei twa stikken guozzefleis besoarge by de fraksjes fan provinsjale steaten. By it pakketsje siet in boadskip dat allinnich it sjitten fan guozzen helpt tsjin de oerlêst fan de bisten.

In soad leden fan de fraksje binne fegetariër. Dêrom foel it kado net sa goed. Boppedat is de fraksje it net iens mei de stelling fan de jagers. Se hawwe der gjin ferlet fan om in petear mei de jagers oan te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)