Fragen Brinkman oer Vaatstra

Hero Brinkman © ANP Kippa
In dei foardat er út de Twadde Keamer weigie, hat Hero Brinkman noch keamerfragen steld oer de saak Marianne Vaatstra. Dêr docht út bliken dat er hiel kritysk is oer it ûndersyk sa't dat oant no ta dien is.
Brinkman wol witte wêrom't gjin ûndersyk dien is nei in fertochte asylsiker út Noarwegen. Dêrneist wol er fan 'e minister witte op hokker wize fêst kaam te stean dat in fertochte dy't yn Turkije oanhâlden is ek echt de haadfertochte wie. Ut de fraach fan Brinkman falt op te meitsjen dat er net leaut dat de goede fertochte pakt is.