Grêfstellerij yn Snits

20 sep 2012 - 11:30

In 65-jierrige Snitser hat oanjefte dien fan stellerij fan guod fan it grêf fan syn soan. Dy leit begroeven op it begrafplak oan de Tsjerkhôfleane yn Snits.

De heit ûntduts woansdei dat in brune lantearne, in griene faas mei blommen en in tulp dy't ljocht jout, stellen wiene. Dêrneist is in blomstikje mei de tekst 'Lots of love' fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)