Fiif drugsdealers oppakt

© ANP XTRA
De plysje hat de ôfrûne moannen tegearre mei it Iepenbier Ministearje de drugshannel yn Ljouwert mei súkses bestriden. Fiif drugshannelers út dy stêd binne oanhâlden. Sy binne al feroardiele of moatte ynkoarten foar de rjochter ferskine. Tsientûzenen euro's binne yn beslach naam. Fierders binne drugs lykas kokaïne en xtc en in auto yn beslach naam. Ien fan 'e oppakte manlju moat de sosjale tsjinst jild werombetelje.
Tsjin noch fiif oare Ljouwerters is proses-ferbaal opmakke. Sy moatte ynkoarten foar de rjochter ferskine.