Johan Cruijff sprekt Alyda ta

19 sep 2012 - 22:20

Hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp is ien fan de sporters dy't woansdei tasprutsen en huldige is troch Johan Cruijff. Dat wie op de iepen dei fan de Johan Cruyff Foundation. Ienentweintich medaljes dy't helle binne op de Olympyske en de Paralympyske Spelen yn Londen, binne wûn troch de ambassadeurs fan de Cruyff foundation. It doel fan dit ynstitút is troch sport en edukaasje it bêste te heljen út minske en maatskippij. Alyda Norbruis wûn sulver op de 500 meter tiidrit op de Paralympyske Spelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)