10.000e besiker Kazematten

19 sep 2012 - 22:03

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân ûntfong woansdei syn 10.000e besiker. Trije vwo-learlingen út Zuidermeer, Sijberkaspel en Hoorn krigen de eare. Sy wiene yn it museum foar in wurkstik foar skoalle. De jonges waarden wolkom hjitten troch bestjoersleden en frijwilligers fan it Kazemattemuseum. Se krigen elk in boek en in rûnlieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)