Famke fan 13 fermist

19 sep 2012 - 21:32

In famke fan trettjin jier út Ljouwert wurdt fermist. Moandei 10 septimber om 12.00 oere is de út Afganistan ôfkomstige Asma Jamali fuortgongen út in opfangsintrum foar minderjierrige asylsikers yn Ljouwert. Der is sûnt dy tiid neat mear fan har fernommen.

De plysje siket kontakt mei minsken dy't Asma Jamali nei moandei noch sjoen hawwe, of witte wêr't sy no is. Asma hat brún hier en brune eagen. Telefoan plysje 0900-8844 of 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)