Waarberjocht kin better

19 sep 2012 - 21:13

In opmerklik berjocht fan fjouwer waarynstituten: de waarsferwachting kin en moat better. De fjouwer belangrykste meteorologyske ynstituten fan Nederlân, wêrûnder Omrop Fryslân waarman Pyt Paulusma, binne it dêroer iens wurden. Sy sieten om 'e tafel mei Horeca Nederlân, de Recron en de Hiswa. Oanlieding foar de byienkomst wie de ûnfrede fan ûndernimmers oer ferkearde waarberjochten. Dêrtroch rinne sy omset mis, omdat minsken dan earder thúsbliuwe.

Ofpraat is om de lange termyn foarsizzing minder 'stellich' te bringen as no. Boppedat moat der mear klam komme op regionale en lokale ferskillen yn it waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)