ChristenUnie foar Hallum

19 sep 2012 - 20:33

De ChristenUnie Fryslân wol dat deputearre steaten yn aksje komme foar in rûnwei om it yndustryterrein Doniawei yn Hallum. De partij makket him soargen oer it ekonomysk klimaat yn Noardwest Fryslân, no't b. en w. fan Ferwerderadiel gjin jild stekke wol yn in rûnwei. De provinsje hat 'm earder bemuoid mei in bettere ûntsluting fan it bedriuweterrein, en de ChristenUnie freget him ôf as Ferwerderadiel dit samar negearje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)