'Houkepoort-drama' falt ta

19 sep 2012 - 16:33
  • Artists' impression fan nije wenwyk de Houkepoort yn Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân giet der fanút dat se gjin jild by it bouprojekt Houkepoort ferlern ha. In amtner krige dien nei't dúdlik wurden is dat hy beskuldige wurdt fan fraude. De gemeente makke woansdei bekend dat der sprake wie fan twa kontrakten foar itselde wurk. Yn it kontrakt fan de gemeente stie in bedrach fan 7,5 miljoen euro, mar de oannimmer, Volker Wessels Vastgoed, hie in bedrach fan 14 miljoen euro stean. Dat lêste kontrakt kloppet, sa hat ûndersyk dúdlik makke. Rinnende it ûndersyk hat de gemeente al it wurk stillein.

Der is al 10 miljoen euro betelle foar it al útfierde wurk. Dat falt binnen de stelde begrutting. It Iepenbier Ministearje ûndersiket no hoe't it komt dat der in oar kontrakt yn it gemeente-argyf siet. Wethâlder Stoel seit mei klam dat der gjin jild útjûn is dat net útjûn wurde mocht. Njonken it strafrjochterlik ûndersyk nei de amtner wurdt ek syn hâlden en dragen by eardere boukontrakten neigien. Ek Volker Wessels Vastgoed wurdt yn it ûndersyk belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)