Topoerlis oer Sionsberg nedich

19 sep 2012 - 13:07

De minister fan folkssûnens moat mei soarchfersekerder de Friesland en de ynspeksje fan folkssûnens prate oer de takomst fan sikehûs De Sionsberg. De PvdA yn provinsjale steaten fynt dat deputearre Schokker dat regelje moat. De partij fielt him bedondere no't bliken docht dat net de kwaliteit reden west hat om parten fan it sikehûs te sluten, mar jild.

Deputearre Schokker wol de beantwurding fan fragen fan de SP yn de Twadde Keamer ôfwachtsje foardat se aksje ûndernimt. Se hopet dat dan dúdlik wurdt hoe't de ynspeksje hannele hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)