'Gjin weryndieling yn Súdeast'

19 sep 2012 - 12:35

De provinsje seit dat der definityf gjin weryndieling komt yn Súdeast-Fryslân. Dêrmei wurdt yngien tsjin de winsk fan de gemeente Smellingerlân. Dy hie graach útwreidzje wollen mei dielen fan buorgemeenten.

De provinsje seit no dat de gemeenten Smellingerlân, Hearrenfean, Opsterlân en East- en Weststellingwerf selsstannich bliuwe. Neffens deputearre Schokker binne dizze gemeenten grut genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)