Buskes PostNL op grien gas

19 sep 2012 - 11:26

De pakketten fan Post NL yn Ljouwert wurde tenei besoarge mei buskes dy't op grien gas ride. It postbedriuw hat dêroer oerienstimming berikt mei Roorda transport services fan It Hearrenfean en de leveransier OrangeGas. It transportbedriuw hat fjouwer buskes oanskaft dy't op grien gas ride.

As tsjinprestaasje krijt it bedriuw fan Post NL in foarkarsbehanneling as der nije rûtes útjûn wurde. It postbedriuw stribbet der nei dat alle ferfierders oerstappe op it brûken fan grien gas. Sa kin de útstjit fan CO2 werombrocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)